Terug

ûntbleating Accoya® keunstwurken

22 May 18

Ofrûne freed is yn Fryslân it Alvestêden fonteinprojekt ûntbleate. Alve fonteinen, meastal figuratyf, steane yn dé Fryse Alvestêden dy’t ûnderdiel wiene fan de lêste tocht der tochten fan 1997. De fonteinen “De woeste liuwen fan Warkum” yn Warkum en “It wapen fan Hylpen” yn Hylpen binne foar in part makke fan Accoya®hout. De hege kwaliteit fan it hout soarget foar net folle ûnderhâld en in lang libben.

Yn it wapen fan Hylpen stean in hinde, in hert en in beam. Dizze twa eleminten keare wêrom yn’e koperen en brûnzen fontein fan Shen Yuan út Sina. Sy hat in 3.5 meter hege libbensbeam ûntwerpe mei fûgels dêryn dy’t wetter spuie. Om de fontein hinne lizze parten fan in hertegewei dy’t makke binne fan Accoya®hout. Elts gewei hat in lingte fan ûngefear 8 meter en is omlime mei in izeren konstruksje.

Seis kilometer fierderop yn Warkum steane twa fjochtsjende liuwen fan 3.5 meter heech dy’t hielendal makke binne van massief Accoya®hout. De liuwen binne ûnderdiel fan in tablo út 1620 fan De Waag, dat de ynspiraasje wie foar de Ingelske keunstner Cornelia Parker. De  wetterleiding foar de fontein is ûnsichtber foar it each troch de liuwen hinne oanbracht.

Beide fonteinen binne ûntworpen troch ynternasjonale keunstners, mar de realisaazje wie yn hannen fan in team mei ûnder oaren de Fryske keunstner Floor van der Leun. “Myn fokus wie it oanbringen fan details dy’t ‘ferlern’ geane at jo in besteand byld ienfâldichwei fergrutsje en yn 3D freze. By de liuwen ha ik bygelyks de klauwen en de koppen byldhouwd, wêrtroch de bisten ta libben komme. Kinst de rûge facht hast fiele at je d’r nei sjogge. Dêrtsjinoer is it hout fan’e geweien tige glêd, sa at date k yn werklikheid is.”

D’r moast hieltyd in ferbân wêze tusken it keunstwurk en it karakter en de hystoarje fan’e stêd. De keunstners binne: Boalsert – Johan Creten (België), Dokkum – Birthe Leemeijer (Nederland), Frentsjer – Jean-Michel Othoniel (Frankrijk), Harns – Jenifer Allora & Guillermo Calzadilla (Verenigde Staten, Cuba, Hylpen – Shen Yuan (China), Drylts – Shinji Ohmaki (Japan), Ljouwert – Jaume Plensa (Spanje), Sleat – Jorge & Lucy Orta (Argentinië & Groot Brittannië), Snits – Stephan Balkenhol (Duitsland), Starum – Mark Dion (Verenigde Staten), Warkum – Cornelia Parker (Groot-Brittannië).

art accoya
art accoya